maandag, juli 11, 2005

Spylsucht

Ik dream dy hieltyd wer, elke nacht
Lit my alles witte oer stjerren en moanne
Sis my alle dingen dy’t in oar net wit
Hasto in plak om te boartsjen fannacht?
Hasto in plak foar myn knikkerts fannacht?

Do wûnst alle potsjes want ik koe net mikke
Ik seach de iene stjitten, de oare fuort tikjen
Ferdwûn yn dyn ponkje mei kralen trochstikke
Hasto in plak om te boartsjen fannacht?
Hast wol nocht oan in spultsje fannacht?

Wat in spul net is fynt men yn it libben
Sjongt en springt men om syn totem hinne
As it kin in berch op en it folk ferlitte
Hat it doel om te boartsjen fannacht
Ik hear gjin rop út de hichte fannacht

©2005 Jouke Hylkema /Rob van Hintum

Geen opmerkingen: