Yn myn liif
Ik hearde it lichtsjes kreakjen doe ‘st de trep opkaamst
Doe fleach de doar heal iepen ik bruts ferduld in snaar
Ik hie dy troch, ik hie gjin nocht
Ik skreaun dy út myn repertoire
Troch de drugs en alkohol as in sloppe dweil
Al dy seks en rock & roll en nachten ûnder seil
Ik hie dy troch, ik hie gjin nocht
Ik skreaun dy út myn repertoire
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet

Haw in angel yn myn fleis as stekst my eefkes nei
Hear myn wrede wurden as hie ‘k se noait sa sein
Ik hie dy troch, ik hie gjin nocht
Ik skreaun dy út myn repertoire
Hear dyn fuotstap yn myn kop dyn byld wol mar net fuort
Leafde is gjin medisyn it is gjin gaadlik guod
Ik hie dy troch, ik hie gjin nocht
Ik skreaun dy út myn repertoire
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Troch de drugs en alkohol as in sloppe dweil
Al dy seks en rock & roll en nachten ûnder seil
Ik hie dy troch, ik hie gjin nocht
Ik skreaun dy út myn repertoire
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif fiel ik de pine fan dyn fertriet
Yn myn liif, yn myn liif, yn myn liif
©2005 Jouke Hylkema/Rob van Hintum
Geen opmerkingen:
Een reactie posten