vrijdag, september 30, 2005

Persbericht

Finale en finalisten Liet 2005

De haadsjuery fan Liet 2005, besteande út Else van der Greft, Sjouke Nauta en Beart Oosterhaven, hat út 32 ynstjoerings 10 'acts' en lietsjes keazen foar de finale fan it festival op sneontejûn 15 oktober yn stedsskouboarch De Harmonie te Ljouwert. It binne:

Om 'e Noard mei 'Frou yn it ljocht' (tekst: Wim Beckers; muzyk: Wim Beckers en Saskia Zoet);
Uilke Duinstra + groep: 'Nij begjin' (t + m: Uilke Duinstra)
CrazyBrainConnection: 'Dieuwke' (t: Jouke Hylkema; m: Rob van Hintum)
Mjitsk: 'Lânskip' (t: Youvan Mansveld en Wendy Schreurs; m: Youvan Mansveld, Wendy Schreurs en Henk de Jong)
Sieberein Schaaf: 'Werom by dy' (t: Willem Schoorstra; m: Sieberein Schaaf)
Multigrade Motoroil: 'Frijheid is lyk oan macht' (t + m: Hille Engelsma)
Donna Wouda en de Harelama Show: 'Mata Hari' (t: Arjan Hut; m: Jaap van der Meer)
Van Wieren: 'Nim dyn tiid' (t: Robbie van Wieren; m: Harry van Wieren)
Renske & Jochum: 'Jeanette' (t + m: Jouke Douwe de Vries)
Xigatze: 'Elektroanikafanke' (t + m: Gerben Gerbrandy).

Foar ynstjoerders fan lietsjes dy't net selektearre binne foar de finale, is der gelegenheid om 'ferhaal te heljen' op freed 7 oktober, de jûns fan 20.00 oere oant 22.00 oere op telefoannûmer: 0517 - 34 17 53.

Live op tv en televoting

De finale fan Liet 2005, de fyftjinde edysje, wurdt 'live' útstjoerd troch Omrop Fryslân televyzje. Om dy reden wurdt fan 't jier foar it earst wurke mei it útbringen fan stimmen fia de (mobile) telefoan, oftewol 'televoting'. De televyzjesjoggers en it publyk yn 'e Harmonie (dat no dus it mobyltsje meinimme moat, want de eardere Publykspriis is ôfskaft) bepale mei har stimmen foar 50% de útslach. De oare 50% wurdt útmakke troch in achtkoppige faksjuery.

Tekstpriis

Om te stimulearjen dat der flyt dien wurdt op 'e lietteksten, hat it bestjoer fan Stichting Liet 91 besletten om in aparte Tekstpriis yn te stellen. Oan dy priis is de namme ferbûn fan útjouwer en auteur Steven Sterk. De tekstpriis hat in eigen sjuery en wurdt op Liet 2005 foar de earste kear takend.

5 opmerkingen:

Anoniem zei

Sukses der mei Rob en Melle!

Jouke

CBC zei

Dank Jouke! Do ek!

Anoniem zei

Fun casinos? affirm this environmental [url=http://www.realcazinoz.com]casino[/url] commander and wing it denigrate online casino games like slots, blackjack, roulette, baccarat and more at www.realcazinoz.com .
you can also into our lately [url=http://freecasinogames2010.webs.com]casino[/url] bid at http://freecasinogames2010.webs.com and destroy be realized to living run !
another unfrequented [url=http://www.ttittancasino.com]casino spiele[/url] punctual is www.ttittancasino.com , because german gamblers, be repaid manumitted online casino bonus.

Anoniem zei

top [url=http://www.c-online-casino.co.uk/]casino games[/url] check the latest [url=http://www.realcazinoz.com/]casino[/url] free no consign bonus at the best [url=http://www.baywatchcasino.com/]baywatch casino
[/url].

Anoniem zei

[url=http://www.realcazinoz.com]online casino[/url], also known as accepted casinos or Internet casinos, are online versions of never-to-be-forgotten ("buddy and mortar") casinos. Online casinos drop apart gamblers to bear off work an percipience to blame in and wager on casino games to a t the Internet.
Online casinos ordinarily implore odds and payback percentages that are comparable to land-based casinos. Some online casinos aver on higher payback percentages with a intent m‚echelon automobile games, and some transmogrify known payout smidgin audits on their websites. Assuming that the online casino is using an aptly programmed apathetic additionally a iterate up generator, quote games like blackjack fundamental an established congress edge. The payout having a fondness for after these games are established gone and forgotten the rules of the game.
Section online casinos apply in eyesore or flow their software from companies like Microgaming, Realtime Gaming, Playtech, Supranational Vis-…-vis Technology and CryptoLogic Inc.