donderdag, augustus 18, 2005

Oera Linda Boek

Snein 21 augustus op Nederlân 1 om 13.30 oere
Dit programma kin ek online besjoen wurde

It Oera Lindaboek:
echt of in ferfalsking?

Sûnt 1867 hawwe hiel wat minsken har de holle brutsen oer it Oera Linda Boek: wie it autentyk of wie it in ferfalsking?
It Oera Linda Boek fertelde de skiednis fan de famylje Over de Linden, mar stie tagelyk foar de romrofte histoarje fan it Fryske folk fan 2000 foar Kristus ôf. De Friezen hienen de beskaving yn Europa brocht. De Ljouwerter klassikus Jan Gerhardus Ottema ferklearre it boek foar echt en fersoarge in útjefte.
Histoarikus Goffe Jensma stelt dat François Haverschmidt, Eelco Verwijs en Cornelis Over de Linden de auteurs binne fan dizze parody op de skiedskriuwing. Haverschmidt wie de haadauteur en syn motyf soe teologysk wêze: de striid tusken it modernisme (de frijsinnichheid yn de achttjinde ieu) en de ortodoksy. It Oera Lindaboek sels is meikoarten on-line te bewûnderjen op www.oeralindaboek.nl

Utstjoering: Snein 21 augustus 2005, 13.30-14.00 oere op Nederlân 1. Noch ris te sjen: Snein 21 augustus 2005 fan 18.00 oere ôf op de regionale stjoerder en sneon 27 augustus om 11.40 oere op Nederlân 1.

Boarne: Omrop Fryslân

3 opmerkingen:

Anoniem zei

Good design!
[url=http://nzfjflcg.com/xkfj/wbnh.html]My homepage[/url] | [url=http://acldfbum.com/gnxi/xxxp.html]Cool site[/url]

Anoniem zei

Good design!
My homepage | Please visit

Anoniem zei

Good design!
http://nzfjflcg.com/xkfj/wbnh.html | http://imwtvdvg.com/tmeb/btpk.html