maandag, mei 01, 2006

Wrâldfrysk-premiere

In muzikaal program fan RemoliNo mei Doede Veeman
19 maaie yn De Rinkelbom op it Hearrenfean
jûns om 20:00 oere

RemoliNo wurdt foarme troch Herman Peenstra, Carel van Leeuwen en Marcel Prins; trije besiele muzikanten dy ‘t wrâldmuzyk opsûgje en harren eigen draai dêr oan jouwe. Sy nimme de harkers mei op reis. Fan in plein yn Bulgarije op in brodzige middei fol opswypkjende ritmes, oant yn Finlân dêr’t yn it healtsjuster dûnsmuzyk klinkt oer in beferzen mar.
Dizze tradisjonele folksmuzyk, rjocht út it hert, hat ek altyd in ynspiraasje west foar Doede Veeman,
dy’t dan ek gauris jiddyske, ierske, skotske of sigeunerwyskes brûkt foar syn lieten. Lykwols binne syn teksten aktueel en frysk: it giet oer fan alles wat der yn it deistige wâldfryske libben op syn paad komt.
Yn it gearwurkingsprogram ‘WrâldfrysK’ wurdt in ferskaat oan ynstruminten brûkt sûnder elektryske fersterking. It docht bliken dat fryske lieten en wrâldmuzyk hiel goed by elkoar passe en soms ek
folslein yn inoar oer gean kinne: wy friezen binne ommers ek mar in folkje tusken oare folken.

Geen opmerkingen: