dinsdag, januari 03, 2006

Lytske Aaipop 2006

28 JANNEWARIS 2006 LYTSKE AAIPOP

Mei trots presintearret it Aaipop-bestjoer in nije ôflevering fan Lytske Aaipop. It sil allegear barre op sneon 28 jannewaris 2006 fan 21.00 oere ôf yn kafé "De Herberch fan Nijlân". De tagong is fergees!!
De gadingmakkers foar in plakje op it grutte Aaipop binne:
CrazyBrainConnection
Johannes D. Kernermer Show
Gerrit Gerlofsma
(foarhinne Skrok)

De CrazyBrainConnection bestiet út Rob van Hintum (sang en gitaar) en Melle Jan Kleisma (gitaar, toetsen en sang). De connection bestiet in jier en it plan is mids 2006 mei in folsleine CD te kommen. Op Lytske Aaipop spilet de band frysktalige folk- en bluesmuzyk. Sjoch foar ynfo op www.robvanhintum.nl

De Johannes D. Kernermer Show bestiet alwer twa jier en wurdt foarme troch Jelte Wiersma (basgitaar), Franke Wiersma (gitaar, sang en toetsen), Peter van Dalfsen (slachreau) en Teade de Boer (tromboane). De band spilet jonge, frisse rockmuzyk mei tromboane dat Oars is as de Oaren. Op it ynternet is al in demotrack fan de Show te hearen. Benijd? Harkje dan efkes nei de Nijlân Blues op: http://www.deherberchfannylan.nl/vueo/pagina/archief/muziek.htm

Gerrit Gerlofsma is drok dwaande mei karriêre meitsjen. Maatskiplik foaral. Ien fan syn doelen wie om mei de band Skrok op Aaipop te spyljen. De band hie har as iennichste foar Lytske Aaipop 2005 opjûn, mar dat gong spitigernôch om deselde reden net troch. No't it wol trochgiet docht bliken dat de band wat op syn kont leit. It oefenjen komt der troch de studzje net mear fan. Mar omdat de myzyk him yn it bloed sit sil Gerrit solo mei syn akoestyse gitaar op Lytske Aaipop spylje. Hy spilet Skrok nûmers en folt dit oan mei nije eigen nûmers.

Wy sjogge jim graach op 28 jannewaris yn Nijlân!

Geen opmerkingen: