donderdag, november 03, 2005

Gegevens


HEERENVEEN - De Cds is klaar! Voor de belangstellenden hier de informatie die we niet op het hoesje hebben gezet;

Rob van Hintum zang gitaar
Melle Jan Kleisma gitaar toetsen zang
Jan de Jong bas
Rinie Roukema drums

Dieuwke 2:58
tekst Jouke Hylkema
muziek Rob van Hintum


It wie fannacht, it wie in oer as ien
It fielde swier as hie’ k in hert fan stien
Ik stap út bêd en rin de treppen del
Hear’ k dy laitsjen mar dat is net wier

O Leech
Ik sit mei dy omheech

Ik drink myn kofje mar ik fiel gjin treast
Sitst yn myn liif en skarrelst troch myn geast
Stryk ik de bûter op myn droege brea
Fiel noch de kater troch de hiele lea

O Dreech
Bringst in kriich yn my teweech
O Leech
Ik sit mei dy omheech

Ferfeelsum zap ik nei it nijsberjocht
Der is wer oarloch en dat hie’ k wol tocht
En ek Pyt Paulusma docht my gjin stoer
Want alle sinneskyn is no wol oer

O Leech
Ik sit mei dy omheech

Mar dan ynienen hear ik klear dyn stem
Ik sjoch dyn sensuele mûle op it skerm
Ik fal op knibbels, tip it lûd fol út
Hast it oer juster mar it byld falt út!

O Wee
Wat is der mei myn teevee
O Leech
Ik sit mei dy omheech
O Dreech
Bringst in kriich yn my teweech
O Leech
Ik sit mei dy omheech


©2005 CrazyBrainConnection


Aldehou 4:12
tekst Jouke Hylkema
muziek Rob van Hintum

Klinklang fan it izer op ‘e stien
It bûtsen en it bikjen as muzyk
De wurkman hyst de swiere fracht omheech
Boupleats, baseminten, stegerwurk
De skûtefarder op syn weis nei Harns
De greiden fol mei weidzjend fee
Ik stean hjir út de hichte wei te sjen
Mar de setting yn myn liif hâld wier net op

Bout men stien op it losse sân
Hat men neat oan in masterplan
Bout men stien op it losse sân
Jou my dochs mar Bonnema

In bolwurksmûne fan it Skavernek
It fesperklokje fan it beginehôf
Papen frette har betiden siik
Pommeranten sûpe sletten wyn
De Nijstêd kaam der nei in wyn fan fjoer
De tsjerke hie gjin jild mear foar my oer
Ketters op it Blokhûs wiene ree
De boal ûnthalze harren mei ien slach

Bout men stien op it losse sân
Hat men neat oan in masterplan
Bout men stien op it losse sân
Jou my dochs mar Bonnema

Alles noch sa geef as jift fan God
Dat wol ’k besjonge, dat hat myn nocht
Aldens bringt de dagen mei him mei
Sa is it paad troch waar en wyn gjin sljochte wei
In skyline stiet te pronkjen yn it ljocht
Der is wat mei de stêd dat giet my oan
Wifkjend en allinnich, âlde man
Tegearre mei it tsjerkhôf troch de bocht

Bout men stien op it losse sân
Hat men neat oan in masterplan
Bout men stien op it losse sân
Jou my dochs mar Bonnema

Bout men stien op it losse sân
Hat men neat oan in masterplan
Bout men stien op it losse sân
Jou my dochs mar Bonnema

©2005 CrazyBrainConnection



Produktie Melle Jan Kleisma

Opgenomen in de Offthewallsound Studio en Antillen Studio juli 2005

CRAZYBRAINCONNECTION

€5

Geen opmerkingen: