dinsdag, oktober 11, 2005

Ï


ST.ANNAPAROCHIE - Gisteren de laatste puntjes op 'Dieuwke' gezet. Zo'n nummer is op een gegeven moment af, klaar en dan kun je er maar beter mee stoppen. Anders gaat het zwaar op de maag liggen en heb je er vervolgens geen zin meer in. We moeten nu weer honger krijgen, zodat we kunnen genieten van een stevige maaltijd!

Live by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân TV stjoert op sneon 15 oktober 2005 foar it earst yn de skiednis de finale fan Liet 2005, it Fryske sjongfestival, rjochtstreeks út. Der is in aktive rol foar de sjoggers weilein, dy kinne nammentlik troch te beljen of te SMS-en stimme op hárren winner. In profesjonele sjuery bepaalt 50% fan de útslach, it publyk de oare 50%. Liet wurdt sawol yn de seal as foar TV presintearre troch Dieuwke Kroese. De útstjoering begjint om 20.15 oere, nei it waarberjocht fan Piet Paulusma.

It is de earste kear dat it Fryske publyk op Omrop Fryslân fia it saneamde televoting meistimme kin. Der komt in spesjaal nûmer dat 2040 tillefoantsje op itselde momint oankin en ek kinne der SMS-kes stjoerd wurde foar de favorite artyst/it nûmer. Yn it skoft binne Hjoed, Waarberjocht en Boppeslach te sjen en kinne de minsken stimme.
De finalisten fan Liet 2005 binne:

1. Crazy Brain Connection: Dieuwke
2. Sieberein Schaaf: Werom by dy
3. Renske & Jochum: Jeanette
4. Uilke en Ubrabaya: Nij begjin
5. Xigatze : Elektroanikafanke
6. Multigrade Motoroil : Frijheid is lykas macht
7. Mjitsk: Lânskip
8. Van Wieren: Nim dyn tiid
9. Om 'e Noard: Frou yn it ljocht
10. Donna Wouda en de Haralama Show: Mata Hari

It stimmen giet sa:
As je SMS'e wolle: Stjoer in SMS nei 4888 mei it boadskip LIET01 foar it earste ferske, LIET02 foar it twadde ferske, LIET03 foar it tredde ferske ensfh. oant en mei LIET10 foar it tsiende ferske. Je meie de namme fan de artyst achter de koade sette, mar dat hoecht net. De kosten binne 50 sinten foar in sms'ke.

As je belje wolle: Skilje nei 0909-0070. Toets oanslutend de twa sifers fan it nûmer fan it Liet dêr't je op stimme wolle: 01 foar it earste liet, 02 foar it twadde liet ensfh. oant 10 foar it tsiende liet. Ek dit kostet 50 sinten. Sjoch ek op de website fan Liet.

Om 22.15 oere geane de lijnen ticht en dan kin der net mear stimd wurde. De útslach is wer live te sjen by Omrop Fryslân. Earst bepale de acht sjuerys rûnom út de provinsje wei de tuskenstân. Nei it bekend meitsjen fan de spesjale Steven Sterk-taalpriis foar de moaiste tekst kin de útslach noch kantelje troch de publyksútslach. It televoten wurdt fersoarge troch it bedriuw CENNED fan Ljouwert. Dat profesjonele bedriuw hat in soad ûnder-fining mei televoting, sa hawwe se û.o. televoten fersoarge foar it programma Idols. De kosten binne 50 eurosint de stim.

It hiele programma is snein 16 oktober nochris te sjen fan 10.00 oant 12.00 oere en fan 14.00 oant 16.00 oere.

Sa wat.

2 opmerkingen:

Anoniem zei

Ja blikstienders net tefolle mear oer prakketinke, dan komt it gefoel better ta úting.

Sukses

Jouke

Anoniem zei

Hast gelyk Jouke! Oant sneon!